Immanuel Kant - Wikipedy Immanuel Kant Ut Wikipedy Springe nei navigaasje Springe nei sykjen Immanuel Kant Immanuel Kant (22 april 1724 – 12 febrewaris 1804) wie in Dútsk filosoof. Hy jildt as de wichtichste filosoof út it tiidrek fan de Ferljochting. Syn ynfloed op it mêd fan filosofy, etyk, teology, strafrjocht, folkerjocht en estetyk wurkje troch oan hjoed de dei ta. Ynhâld 1 Skiednis 2 De etyk fan Kant 3 Wurken fan Kant 3.1 List mei wurken Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Kant waard berne op 22 april yn it Prusyske Keningsbergen, it tsjintwurdige Kaliningrad. Hy wie de soan fan in sealmakker. Hy promovearre yn 1755 en waard yn 1770 heechlearaar yn Keningsbergen yn de metafysika en logika. Hy joech kolleezjes oant 1796 en ferstoar yn 1804. It libben fan Kant stiet bekend as saai. Hy hat syn wenplak net faak ferlitten en hie in rêstich libben. It ferhaal giet dat de ynwenners de klok der op lyk sette koenen mei de tiid dat Kant te kuierjen gong mei syn feint Lampe, alle dagen stipt om healwei fjouweren middeis. De etyk fan Kant[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Foar Kant wienen de gefolgen fan ús hannelen wichtich. Neffens him giet it derom dat de minske in goede bedoeling hat. In hanneling is pas dan etysk goed as it út plichtsbesef bart. Dêrmei bedoelt Kant dat de juste ynstelling by in minske heart te wêzen bewust goed te dwaan. Kant makket ûnderskied yn twa foarmen fan hanneljen; gewoan rasjoneel hanneljen en hanneljen út plichtsbesef. Kant fûn respekt hawwe foar in oar minske o sa wichtich. De oar is ek in minske mei behoeften en winsken. Wy moatte de oar de romte jaan om syn doelen neistribje te kinnen. Wurken fan Kant[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Byld fan Kant yn Keningsbergen Kant hat in tal boeken skreaun dy't fan krúsjale betsjutting west hawwe foar de Westerske filosofy. De bekendste binne de trije "Kritiken": Kritik der reinen Vernunft. Yn dit wurk behannelet Kant syn ideeën oer de kennislear. Kant stelt him dêryn de fragen: Is syntetyske kennis a priori (fan te foaren sûnder ûndersyk) mooglik, Hoe is syntetyske kennis a priori mooglik, wat binne de grinzen fan minsklike kennis? Kritik der praktischen Vernunft . Dizze behannelet de etyk oan de hân fan de fraach: Hoe moatte wy libje? Kritik der Urteilskraft. Dit wurk behannelet de estetika en natuerlike oarder. Ek syn boek Zum Ewigen Frieden is tige bekend. Dêryn tinkt er nei oer de rjochtsregels dêr't de ferhâlding tusken steaten ûnderling oan foldwaan moatte soenen. Ivige frede is in nei te stribjen doel, gjin realiteit, merkt Kant op. List mei wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Earste druk fan de Kritik der reinen Vernunft, 1781 Prolegomena zu einer jeden künftigen Metaphysik, die als Wissenschaft wird auftreten können, 1783 Idee zu einer allgemeinen Geschichte in weltbürgerlicher Absicht, 1784 Beantwortung der Frage: Was ist Aufklärung?, 1784 Grundlegung zur Metaphysik der Sitten, 1785 Metaphysische Anfangsgründe der Naturwissenschaft, 1786 Mutmaßlicher Anfang der Menschengeschichte 1786 Twadde (sterk útwreide) druk fan de Kritik der reinen Vernunft, 1787 Kritik der praktischen Vernunft, 1788. Kritik der Urteilskraft, 1790 Über das Miβlingen aller philosophischen Versuche in der Theodicee, 1791 Die Religion innerhalb der Grenzen der bloßen Vernunft, 1793 Über den Gemeinspruch: Das mag in der Theorie richtig sein, taugt aber nicht für die Praxis, 1793 Das Ende aller Dinge, 1794 Zum ewigen Frieden: Ein philosophischer Entwurf, 1795 Die Metaphysik der Sitten, 1797 Über ein vermeintes Recht aus Menschenliebe zu lügen, 1797 Der Streit der Fakultäten, 1798 Anthropologie in pragmatischer Hinsicht abgefasst, 1798 Über die Pädagogik, 1803 Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: Immanuel Kant Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Immanuel_Kant&oldid=1010845" Kategoryen: Dútsk filosoof Dútsk antropolooch Dútsk heechlearaar Dútsk publisist Dútsk nasjonalist Dútsk persoan fan Skotsk komôf Persoan fan Baltysk-Dútsk komôf Persoan fan Eastprusysk-Dútsk komôf Ferljochting Persoan berne yn 1724 Persoan stoarn yn 1804 Navigaasjemenu Persoanlike ynstellingen Net oanmeld Oerlis Bydragen Registrearje Oanmelde Nammeromten Artikel Oerlis Farianten Werjeften Lêze Bewurkje Boarne bewurkje Skiednis besjen Mear Sykje Navigaasje Haadside Wikipedy-mienskip Hjoed Koartlyn feroare Samar in side Help Donaasjes Helpmiddels Hjirmei keppele Keppelings folgje Bysûndere siden Fêste keppeling Sidegegevens Dizze side sitearje Wikidata-item Ofdrukke/eksportearje Boek meitsje Ynlade as PDF Ofdrukferzje Yn oare projekten Wikimedia Commons Yn oare talen Afrikaans Aymar aru Alemannisch አማርኛ Aragonés العربية الدارجة مصرى Asturianu Azərbaycanca تۆرکجه Башҡортса Žemaitėška Bikol Central Беларуская Беларуская (тарашкевіца)‎ Български भोजपुरी বাংলা Brezhoneg Bosanski Буряад Català Chavacano de Zamboanga Нохчийн Cebuano Cymraeg کوردی Čeština Чӑвашла Dansk Deutsch Zazaki Ελληνικά Emiliàn e rumagnòl English Esperanto Español Eesti Euskara Estremeñu فارسی Suomi Võro Føroyskt Français Arpetan Nordfriisk Gaeilge 贛語 Kriyòl gwiyannen Gàidhlig Galego ગુજરાતી עברית हिन्दी Հայերեն Fiji Hindi Hrvatski Magyar Interlingua Bahasa Indonesia Interlingue ייִדיש Ilokano Ido Yorùbá Íslenska Italiano 日本語 Patois Jawa ქართული Qaraqalpaqsha Taqbaylit Kabɩyɛ Кыргызча Қазақша ಕನ್ನಡ 한국어 Kurdî Latina Ladin Lëtzebuergesch Лезги Lingua Franca Nova Limburgs Ligure Lumbaart لۊری شومالی Lietuvių Latviešu मैथिली Malagasy မြန်မာဘာသာ Эрзянь Македонски മലയാളം Монгол मराठी Кырык мары Bahasa Melayu Malti Mirandés Nāhuatl Plattdüütsch नेपाली नेपाल भाषा Nederlands Norsk nynorsk Norsk bokmål Occitan Livvinkarjala ਪੰਜਾਬੀ Polski Piemontèis پنجابی پښتو Português Runa Simi Rumantsch Română Русский Русиньскый Kinyarwanda संस्कृतम् Саха тыла Sardu Sicilianu Scots Srpskohrvatski / српскохрватски Simple English Slovenčina Slovenščina Shqip Српски / srpski Sunda Svenska Kiswahili தமிழ் తెలుగు Тоҷикӣ ไทย Tagalog Tok Pisin Türkçe Татарча/tatarça Українська اردو Oʻzbekcha/ўзбекча Vepsän kel’ Tiếng Việt West-Vlams Volapük Winaray 吴语 მარგალური Zeêuws 中文 文言 粵語 Bân-lâm-gú Keppelings bewurkje Dizze side is it lêst bewurke op 25 sep 2020 om 19.00. De tekst is beskikber ûnder de lisinsje Creative Commons Nammefermelding-Lyk diele; der kinne oanfoljende betingsten fan tapassing wêze. Sjoch de Gebrûksbetingsten foar mear ynformaasje. Privacybelied Oer Wikipedy Foarbehâld Mobile ferzje Untwikkelders Statistiken Taljochting koekjes